Rûzje om suvelfabryk Eastersee

Yn 'e gemeente Lemsterlân is reboelje oer it eardere suvelfabryk yn Eastersee. Twa gemeenteriedsleden wolle opstappe as B en W net foar in feilige situaasje soargje.
De twa hawwe skriftlike fragen steld, mar B en W giene dêr moandei yn 'e riedsgearkomste net op yn. Leeuw fan de Unôfhinklike List en Visser (NCPN) drige no út de ried te stappen.