Referindum kin yn Achtkarspelen

© Omrop Fryslân
De gemeente Achtkarspelen hat ynstemd mei de mooglikheid foar it hâlden fan in referindum. Boargers kinne dat oanfreegje oer besluten fan de gemeente-ried dy't noch net yngien binne.
De gemeente hat al regels opsteld oer hokker ûnderwerpen geskikt binne foar in referindum. Fan 1 jannewaris is de folksstimming no dus offisjeel mooglik.