Stroomsteuring yn Boarnsterhim

In grut part fan Boarnsterhim hat sneontemiddei in oere lang sûnder stroom sitten. Dit fanwege in steuring yn it skeakelstasjon by Raard. Om de steuring te finen moast it stasjon hielendal útskeakele wurde.
In tal doarpen sieten sûnder stroom. Ek de stjoerders fan Omrop Fryslân yn Jirnsum waarden troffen. De televyzje wie in skoft út de loft.