Cambuur wint fan VVV

© Omrop Fryslân
Cambuur hat freedtejûn mei 3-1 fan VVV wûn. Cambuur krige it net kado. Nei 20 minuten kamen de mannen út Venlo op 0-1 troch in goal fan Bernard Hofstede. De rûm 5000 taskôgers seagen Cambuur de nedige kânsen missen, mar yn de 37e minút kopte Geert Jelle de Vries de Ljouwerters op 1-1. Nei rêst soarge Goudmijn foar de ferlossende 2-1. Yn de lêste minút skoarde Ruud Berger noch 3-1.