Massale fjochtpartij yn Ljouwert

In grutte groep Antilliaanske jongeren wie freed belutsen by slaanderij yn de binnenstêd fan Ljouwert. De reboelje ûntstie nei oanlieding fan in fjochtpartij mei in Nederlânske jonge.
Doe't de plysje yngripe woe, waard ek in plysjeman oanfallen. Kollega's moasten de wapenstok brûke om de jonges ûnder betwang te krijen. Der binne twa jonges oanhâlden.