Nij ûndersyk boaiemdelgong Grou

© Omrop Fryslân
Der komt op 'e nij in ûndersyk nei de boaiemdelgong by Grou. Dat hat minister Jorritsma bekendmakke. Omwenjenden tinke dat gaswinning by Grou soarget foar boaiemdelgong en skea oan gebouwen.
Neffens in rapport út 1990 soe der gjin ferbân wêze tusken de gaswinning en de delgong. Omwenjenden ha hjir altiten fragen by holden. It nije ûndersyk set yn jannewaris út ein.