Monumint foar âld-Indiëstriders

© Omrop Fryslân
Der komt in monumint op it Hearrenfean foar fiif Feansters dy't tusken 1940 en 1945 yn Nederlânsk-Indië omkaam binne. It inisjatyf foar de tinkstien komt fan in tal âld-Indiëstriders.
Se wolle har omkommen plakgenoaten hjirmei in weardich earbetoan jaan. It oarlochsmonumint komt oan de râne fan it tsjerkhôf oan de Rotstergaastwei te stean.