Beslút Suderseespoar útsteld

It kabinet hat de beslútfoarming oer de oanlis fan it Suderseespoar op 'e nij útsteld. Se binne der noch net út, dêrom sil de kommende wiken fierder praat wurde. Boppedat wol premier Kok by it einbeslút oanwêzich wêze en Kok is op it stuit siik.
Op 7 desimber wurdt der besluten oer it Suderseespoar en de eventuele oanlis fan in magneetsweeftrein Grins - Amsterdam.