Pedofyl ek aktyf yn Ljouwert

De 43-jierrige pedofyl út Zuidwolde dy't tongersdei terjochte stie, hat in pear jier ferlyn kontaktgroepen foar pedofilen opset yn Ljouwert en Grins. By de rjochtsaak die fierder bliken dat de man de nammen fan syn slachtofferkes op syn lichem tattoo-earre hie.
It Iepenbier Ministearje fan Grins hat de saak in pear moanne stilhâlden. De man hat alles bekend.