Nije skipper Drachtster skûtsje

Douwe Visser wurdt de nije skipper fan it Drachtster skûtsje. It giet om in neef fan de foarman fan it Snitser skûtsje mei deselde namme.
Guon Drachtster binne teloarsteld oer de kar. Sy hiene leaver Hindrik Mulder as nije skipper sjoen, út de skippers- famylje Hoekstra. Visser wie de twadde man op de Snitser Pan. Hy sit 25 jier yn 'e silerij.