Stadionprojekt net riskant

© Omrop Fryslân
De finansjele risiko's fan it stadionprojekt op It Hearrenfean binne nihyl. Alteast, dat sei wethâlder Bouwers moandei op in ynfojûn.
It projekt draait om útwreiding fan it Abe Lenstrastadion en de oanlis fan in sport/sûnensbûlevaard. De PvdA woe witte wat de risiko's binne. Der sit in protte jild ûnder. It hiele stadionprojekt kostet 171 miljoen gûne.