Posysje De Haan stiet opnij faai

De posysje fan wethâlder De Haan stiet opnij ter diskusje. Nei it iepenbier meitsjen fan it rapport fan Monsma & Partners oer it funksjonearjen fan de ôfdieling belestingen yn Ljouwert, sil de ried de wethâlder fan Finânsjes opnij ter ferantwurding roppe. De gemeente moat hast 4 miljoen gûne werom betelje oan bedriuwen dy't te folle ûnreplik guod belesting betelle ha.