Soad fallende stjerren te sjen

Der sille in soad fallende stjerren te sjen wêze boppe Fryslân de kommende dagen. Woansdeitejûn en tongersdeitemoarn binne der meldings dien fan dizze ferskynsels.
By de Fryske stjerrewachten kamen meldings binnen fan minsken dy't tochten dat se fleanende skûtels seagen. Neffens stjerrewachter Molema út Burgum giet it om meteoriten.