Most fertile man wint Matad'Or

De ynterregiokompetysje op it Noordelijk Filmfestival is wûn troch de komyske film 'The Most Fertile Man of Ireland' fan regisseur Dudi Appleton.
De priis gie hast oan syn noas foarby, omdat Appleton op it momint fan 'e priisútrikking yn 'e kroech siet. Hy hie him fersind yn 'e tiid. Le Fabuleux destin d'Amélie Poulain wûn de Publykspriis.