Baas boppe Baas yn premiêre

De Fryske dramasearje Baas boppe Baas is sneontejûn op it Noordelijk Film Festival feestlik yn premiêre gongen. Yn in útferkochte seal yn De Harmonie yn Ljouwert seach in entûsjast publyk nei it meitsjen fan de searje.
De seal waard ek traktearre op de ôflevering Oars as de oaren. Regisseur Steven de Jong wie nei ôfrin tefreden oer de reaksjes út de seal.