Skoallen letter op 'kennisnet'

Fryske skoallen wurde letter op it saneamde kennisnet oansluten. De fertraging hat neffens ûnderwiisminister Hermans te krijen mei problemen yn de kabel- en telekomsektor.
De minister wol dat de oansluting fan it ûnderwiis op it ynternet sa gau mooglik nei de krystfakânsje bart. Ek yn Grinslân, Gelderlân en Limburch is it projekt achterop rekke.