Keunstwurk stelt taalmanifest op

Keunstwurk yn Ljouwert stelt in manifest mei it biedwurd 'taal as motor foar kultuer' op. Ferskate Fryske keunstners binne frege om mei te tinken oer de ynhâld dêrfan.
It is de bedoeling dat de keunstnersgroep Fryxus oprjochte wurdt, dy't in tsjinhinger wurdt fan de Oksitaanske groep Nux Vomica. Kulturele útwikseling stiet dêrby sintraal.