Bretons yn striid mei grûnwet

© Omrop Fryslân
De Frânske Rie fan Steat blokkeart it plan fan it Frânske regear om de Bretonske Diwan-skoallen te yntegrearjen yn it iepenbier ûnderwiis-systeem. Neffens de 'Conseil d'Etat' is de wurkwize fan 'e Bretonstalige Diwan-skoallen yn striid mei de Frânske grûnwet.
Dy wet seit dat it Frânsk de iennichste taal fan Frankryk is. De Bretonnen binne poer en sille demonstrearje.