Forensysk ûndersyk bonken Flylân

De bonken dy't op 13 augustus dit jier fûn binne by kamping Stortemelk op Flylân, binne ôfkomstich fan 16 minskelichems. It giet nei alle gedachten om seelju dy't tusken 1750 en 1800 tagelyk om it libben kommen binne.
Dat docht bliken út ûndersyk fan it Nederlands Forensisch Instituut yn Rijswijk. Oan de hân fan in messing knoop koene de skeletten datearre wurde.