Dongeradiel wol kennissintrum

© Omrop Fryslân
De gemeente Dongeradiel jout sa'n 3 miljoen gûne út om it streekarchivariaat yn Dokkum op in oar plak te krijen. Der wurdt ûndersocht of it mooglik is om op ien lokaasje in kultureel-histoarysk kennissintrum te realisearjen. Nei alle gedachten komt dat op it plak fan de iepenbiere biblioteek.
Der binne plannen foar in útstalling oer Bonifatius yn 2004.