Wurkleazens oanpakke

De provinsjes Fryslân, Grinslân en Drinte wolle mei Europeesk jild 6500 wurkleazen oan it wurk helpe. Der binne 21 projekten yntsjinne by it ministearje fan Sosjale Saken. Yn Fryslân moatte 380 minsken wer oan it wurk.
Foarsitter Nijpels fan it gearwurkingsferbân Noard-Nederlân oerlange moandei de projektfoarstellen oan minister Vermeend.