De Boer ynstallearre

Yn in bûtengewoane riedsgearkomste is Margreeth de Boer moandei ynstallearre as boargemaster fan Ljouwert. Oant augustus ta sil sy waarnimme, as ferfanger fan de fuortstjoerde Van Maaren.
De nije boargemaster sil har funksje earst noch in skoftke kombinearje mei it lidmaatskip fan de Twadde Keamer. De oanstelling fan De Boer hat rûnom in soad ynstimming krigen.