Twa tsjerken ticht yn Ljouwert?

De Titus Brandsma parochy yn Ljouwert sil mooglik twa fan de fjouwer tsjerken slute. De parochy hat in struktureel tekoart oan jild troch de hege ûnderhâldskosten oan de gebouwen.
Boppedat binne der hieltyd minder minsken dy't nei tsjerke gean. Nei alle gedachten sille de Franciscustsjerke en de Johannes de Dopertsjerke ticht. De parochy nimt takom jier in beslút.