Ybema net nei Ljouwert

© Omrop Fryslân
Steatssiktaris Gerrit Ybema is net beskikber foar it boargemasterskip fan Ljouwert. Dat hat er snein yn it Omrop Fryslân-programma Tinkwize sein.
Ybema, no steatssiktaris fan Ekonomyske Saken, wurdt faak neamd as mooglik opfolger fan Loeki van Maaren. De yn Ljouwert wenjende Ybema hat lykwols te folle nocht oan de lanlike en ynternasjonale polityk.