'Gjin Frysk yn noardlik oerlis'

© Omrop Fryslân
Yn de noardlike ynterprovinsjale steatekommisje is kommoasje ûntstien oer it brûken fan it Frysk troch de Fryske Nasjonale Partij (FNP).
VVD-lieder Nijenbrinks fan de Drintse Provinsjale Steaten fynt dat de FNP net thús heart yn de kommisje salang as de partij Frysk praten bliuwt. De Drintse kommissaris Ter Beek neamt it brûken fan Frysk te prinsipieel en ûnferstannich.