Winst foar Cambuur

Cambuur hat freed yn Maastricht mei 1-4 wûn fan MVV. Foar de Ljouwerters skoarden Bruin, Goudmijn (twa kear) en Van der Heide. Keeper Ale-Geart de Vries debutearre.
Troch de winst hat Cambuur wer útsjoch op oansluting by de subtop. De club stiet no sande. Ek foar de tredde perioade dienen de Ljouwerters goede saken.