Bernehotel by Drachten

Boargemaster Van der Zaag hat freed by Drachten earste peal yn de grûn slein foar de bou fan in bernehotel. Sa'n saneamd Nanny-hotel is der al yn Assen en Emmen. Alders kinne harren bern hjir 24 oeren per dei fersoargje litte op kommersjele basis. Yn maaie 2002 moat der plak wêze foar 50 bern.
Der binne ek plannen foar in Grannyhotel foar âlderen.