Gjin Sinezen nei Berltsum

Der komme gjin Sineeske studinten yn Berlingahiem yn Berltsum te wenjen. It gebou is net brânfeilich en is dêrom troch de brânwacht net goedkard. Eksploitant Dijkstra hat bekend makke dat hy net yn de brânfeiligens fan it gebou ynvestearje wol.
De CHN yn Ljouwert sil dêrom op syk moatte nei in oar ûnderkommen foar de 38 Sineeske studinten.