Underwizers grap net ferfolgje

Alders en bestjoer fan basisskoalle 'It Skriuwboerd' yn Surhústerfean wolle net dat de ûnderwizers fan 'e poeierbriefgrap ferfolge wurde. De alders freegje de offisier fan justysje yn in brief om de saak te seponearjen.
Alders en bestjoer hawwe dit tiisdei ôfpraat op in gearkomste foar de alders. Neffens wethâlder Postma steane alle âlders efter it team.