15 miljoen foar Drachtsterfeart

De gemeente Smellingerlân kriget 15 miljoen gûne subsydzje foar it Drachtsterfeart-projekt. It jild komt út in nije regeling fan it ryk: IPSV, oftewol Innovatie Programma Stedelijke Vernieuwing.
It Drachtsterfeart-projekt kostet yn totaal 4,5 miljard gûne. It moat yn 2005 klear wêze. Njonken de oanlis fan de feart sil ek in nije wenwyk boud wurde.