Annet van der Hoek: 38ste plak

Annet van der Hoek fan Frjentsjer komt nei alle gedachten werom yn de Twadde Keamer. Sy is troch de PvdA op in 38ste plak fan de ûntwerp-kieslist set. De PvdA-fraksje fan de PvdA hat op dit stuit 45 leden. By de ferkiezings fan 1998 stie Van der Hoek noch 48ste. Doe kaam se yn de keamer, omdat in pear PvdA'ers trochskoden nei it kabinet.