Tefreden reaksjes oer De Boer

De Ljouwerter gemeentepolityk hat freed optein reagearre op de beneaming fan Margreeth de Boer as waarnimmend boargemaster. 'Hiel geskikt', 'se wit goed it paad yn Den Haach', 'krekt wat Ljouwert nedich hat', binne in pear reaksjes.
Dat Nijpels al sa gau mei in waarnimmer kaam wie 'in positive ferrassing' foar de politike partijen. Margreeth de Boer begjint op 1 novimber.