Wethâlder oerlibbet moasje

© Omrop Fryslân
Wethâlder Oosterhof fan Dongeradiel hat tongersdei in moasje fan misbetrouwen oerlibbe. Hy soe neffens in tal partijen de ried net goed ynljochte ha oer it jongereinsintrum yn Dokkum. De moasje is mei sân tsjin alve stimmen fersmiten.
Dongeradiel praat al twa jier oer in jongerensintrum yn it âld-suvelfabryk yn Dokkum. De ried hat dizze simmer jild útlutsen foar it sintrum.