Swijplicht fan tafel

Elkenien yn Ljouwert kin wer frij út prate oer de boargemasterskwestje. De swijplicht foar politisi en amtenaren is fan tafel. Dat ha de wethâlders tongersdeitejûn besletten.
Neffens de wethâlders wiene der te folle misferstannen oer de swijplicht. Van Maaren sil moandei yn in riedsgearkomste har ferhaal dwaan. Omrop Fryslân stjoert dit nei 19.30 oere út op tv en radio.