Kafee Steggerda útbaarnd

Troch in útslaande brân is Steggerda snein syn kulturele hert kwytrekke. Doarpskafee 't Steckie, dat in soad brûkt waard foar gearkomsten en aktiviteiten, is finaal útbaarnd.
By de brân is nimmen ferwûne rekke. Wol sille de eigner en de útbater, dy't mei har freondinnen boppe it kafee wennen, op syk moatte nei nije wenromte.