GrienLinks noch net ferdield

GrienLinks yn Fryslân is noch net ferskuord troch de aksjes tsjin Afghanistan. Neffens provinsjaal foarsitter Berendse wurdt der wol in protte oer diskussearre yn de partij. Der is ynkoarten in provinsjale gearkomste.
Der binne noch gjin Fryske ôfdielings dy't formeel ôfstân naam ha fan de stipe dy't de partij lanlik jout oan de bombardeminten op Afghanistan.