'Minsken gean min mei bisten om'

De minsk giet mei bisten om sa't it him útkomt. Dat sei professor Dirk Boon op in sympoasium, dat sneon yn it Van Hallynstitút yn Ljouwert hâlden waard. Mear as 90% fan de 160 miljoen bisten yn Nederlân, wurde neffens him min behannele.
Steatssekretaris Geke Faber wie der ek. Neffens har bart der al in soad om de libbensomstannichheden fan bisten te ferbetterjen.