Van Maaren stapt op

Boargemaster Loekie van Maaren fan Ljouwert stapt per 1 novimber op. De boargemaster feskilde te bot fan miening mei de Ljouwerter gemeenterie en de wethâlders oer it bestjoer fan de stêd.
Yn in reaksje sei Van Maaren dat se mei ferkearde ferwachtings nei Ljouwert kaam is en it spitich fynt dat se minsken teloarsteld hat. Se krijt oant har pensioen 85 persint fan har lean.