Provinsje bliid mei wynmûnen

De provinsje is tefreden oer it wynmûnebeslút fan it kabinet. Freed wurdt dúdlik oft de mûnen oan beide kanten fan de Ofslútdyk komme, of allinnich oan de kant fan it Waad. Dat lêste wol de provinsje graach. De provinsje fynt in park mei 109 wynmûnen in goede manier oan te foldwaan oan de easken foar skjinne enerzjy dy't it ryk stelt.