Problemen gemeentehûs Menaam

Om de problemen op it gemeentehûs fan Menameradiel op te lossen, moatte der twa wurkgroepen komme. Ek moat der in ynterim-gemeentesekretaris oansteld wurde. Dat stelt it advysburo Beleid en Innovatie yn in plan fan oanpak.
It fakbûn CFO is wiis mei de plannen. It kolleezje fan B&W fan Menameradiel wol noch gjin reaksje jaan op it plan fan oanpak.