Mokselfiskers meie Waad wer op

Mokselfiskers meie wer op droechfallende platen komme yn de Waadsee, sa as by Skiermûntseach. Dat hat de Steatsrie bepaald yn in proseduere dy't oanspand wie troch de Fûgelbeskerming.
It giet om in proef, dêr't it ministearje fan Fiskerij in fergunning foar ferliend hat. De fiskers sizze dat it yn beheinde mate opfiskjen fan mokselsied goed is foar de natuer op it Waad.