Soad Nederlanners foar wynmûnen

© Omrop Fryslân
Njoggen fan de tsien Nederlanners is foar de komst fan mear wynmûnen nei ús lân. Dat konkludearret it Wereld Natuur Fonds nei in ûndersyk ûnder 1200 Nederlanners. It grutste diel fan de minsken makket it net út oft de mûnen yn eigen provinsje of dêr bûten komme.
Bouterreinen en lokaasjes by de kust lâns wurde it meast geskikt fûn. It WNF sels is foar wynmûneparken yn see.