Ferlies foar Lauswolt

Hotel Lauswolt yn Beetstersweach tinkt dit jier tritich prosint minder om te setten as it jier dêrfoar. Dat hat te krijen mei de oanslaggen yn Amearika.
Bûtenlânske sakelju komme net mear. Ek ynternasjonale konferinsjes wurde ôfsein. Grutte bedriuwen ha in fleanferbod foar har wurknimmers ynsteld. It ferlies hat gefolgen foar it personiel. Tydlike kontrakten wurde net ferlingd.