Postmeiwurkers krije beskerming

© Omrop Fryslân
Sortearders fan it PTT-distribúsjesintrum yn Ljouwert krije rubberen wanten en kapkes foar de mûle. De maatregel is nedich om de meiwurkers te beskermjen tsjin mooglike besmetting mei myltfjoer.
Lanlik giet it om 6000 meiwurkers fan de PTT dy't it materiaal krije. Se sitte yn it trajekt fan foarsortearjen fan post. Postrinners en sjauffeurs krije gjin beskermingsmateriaal.