Dubbeldam op Indoor Friesland

Jeroen Dubbeldam komt op Indoor Friesland. Mei syn Olympysk hynder De Sjiem hat er him op it lêste momint noch ynskreaun. Mooglik docht de winner fan Olympysk goud fan Sydney tongersdei al mei. Sneon komt er seker út yn de Grutte Nuon Priis.
De hynstewedstriden binne moandei begûn yn it FEC yn Ljouwert en duorje oant en mei sneon.