Restauraasje rêdingsboat Skier

De eardere rêdingsboat 'Johan de Witt' fan Skiermûntseach sil restaurearre wurde. It skip kaam yn 1942 nei it eilân en is yn 14 jier tiid yn totaal 29 kear útfearn. Dêrnei kaam de boat yn partikuliere hannen en waard doe brûkt foar de plezierfeart. De Nederlânske rêdingsmaatskippij en it rêdingsmuseum hawwe in ton by inoar brocht foar de restauraasje.