Fúzje wetterskippen komt tichtby

De fúzje fan de seis wetterskippen yn Fryslân komt in stapke tichterby. Moandeitejûn, yn de steatefraksje algemiene saken, gongen alle steateleden akkoard mei in ekstern ûndersyksrapport.
Dit rapport hat as konklúzje dat der ien wetterskip komme moat en dat dat it takomstich wetterbehear ten goede komme sil. It regio-oerlis moat it bestjoer dan advys jaan oer bepaalde gebieten.