Frisiabrêge offisjeel iepene

De Frisiabrêge by Frjentsjer is sneon offisjeel iepene troch steatssekretaris Gerrit Ybema. Hjirmei is de earste faze fan it projekt ôfsluten. De twadde faze, de oanlis fan in dyk tusken de brêge en de Tsjommerdyk, is noch in probleem.
De nije dyk krúst it spoar LjouwertHarns en moat fan de NS ûnder it spoar troch. Der moat dus in tunnel komme en dat moat sa'n 25 oant 30 miljoen kostje.