Midsieusk ytfeest Frysk Museum

Freedtejûn is yn it Frysk Museum yn Ljouwert in grut midsieusk ytfeest hâlden. Der waard iten, sis mar fretten, sa't dat yn de 13e ieu dien waard. Resepten en kôkwekkers wiene der yn dy tiid net, dus it wie mar de fraach hoe't it iten dan smakke.
Der wiene akteurs en 40 ferklaaide besikers oanwêzich op it feest. Der waard in soad fleis iten mei swiete sauzen.