Cambuur ferliest fan Excelsior

© Omrop Fryslân
Cambuur hat freedtejûn mei 0-2 ferlern fan koprinner Excelsior. De 5000 taskôgers seagen de thúsklub foar de rêst in tal moaie kânsen missen. Jan Bruin slagge der net yn om te skoaren, doe't hy each yn each stie mei de doelman fan Excelsior.
Nei de 0-1 wiene de Ljouwerters it spoar bjuster. It wie de earste wedstriid yn de twadde perioade.